VVD en FNP: burokrasy provinsje bedriget draachflak Bosk en Greide
25 maart 2010
De Steatefraksjes fan FNP en VVD stelle krityske fragen oan deputearre Konst oer de rol fan de Provinsje by Bosk en Greide yn Gaasterlân. Inisjativen foar natuer- en lânskipsbehear hawwe te lijen ûnder de burokrasy no’t de Provinsje ferantwurdlik wurden is foar it Programma Behear. De tasizzing dat de oanpak fan Bosk en Greide ien op ien yn it nije systeem oernommen wurde soe, moat neikommen wurde, stelle VVD en FNP. De partijen wolle dat der ien koördinator komt spesjaal foar Gaasterlân.
Wurdfierders Baukje Miedema (VVD) en Pytsje de Graaf (FNP) krigen op in wurkbesite oan Bosk en Greide skrinende foarbylden te hearren fan wat der allegear mis giet mei subsydzje-oanfragen fan boeren en organisaasjes yn Gaasterlân. Neffens Anne Gersjes en Bosk & Greide foarsitter Douwe Jaarsma fan Riis wurde de minsken no regelmjittich fan it kastje nei de muorre stjoerd.
Nei de oergong fan it Programma Beheer fan it Ryk nei de Provinsje liket it op it Provinsjehûs oer tefolle skiven te gean en is net altyd dúdlik wa’t ferantwurdlik is. Ek giet it tefolle fan boppe ôf wylst de krêft fan Bosk en Greide no krekt yn it draachflak fan ûnderen op leit.
De gong fan saken giet ten koste fan de motivaasje fan de minsken dy’t har yn de streek op frijwillige basis ynsette foar it agrarysk en partikulier natuerbehear.
FNP en VVD konstatearje dat der te min stjoer fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten is op de wurkwize yn it nije Programma Beheer. Ek ûntbrekt it oan ôfstimming fan de ferskate amtlike ôfdielings binnen de projekten.
De partijen freegje dêrom om oerlis op bestjoerlik nivo, tusken deputearre en Bosk en Greide. De ynset moat wêze dat de sterke punten dy’t Bosk en Greide sa bysûnder meitsje, de frijwillichheid, de yntegrale oanpak fan natuerûntwikkeling, rekreaasje en lânbou en it draachflak fan ûnderen op, net ferspile wurde.
De partijen komme mei de suggestje om in koördinator oan te stellen spesjaal foar it gebiets-eksperimint yn Gaasterlân. Dy soe op it Buro Plattelânprojekten yn Balk komme moatte sadat de minsken der sa eefkes binnen rinne kinne. De gebietskoördinator moat ek in seker gesach hawwe om de belangen fan alle belutsen partijen en amtlike ôfdielings mei sukses op elkoar ôf te stimmen.
Foar mear ynformaasje oer dit parseberjocht kinne jo kontakt opnimme mei
Pytsje de Graaf (FNP) 06-51333702
Baukje Miedema (VVD) 06-30269762