Lanbouaginda

  • ,

Yn de kommisje LLW fan 8 desimber by de behanneling fan de Lânbouaginda, hat Baukje Miedema yn haadlinen ûndersteane ynbrocht.

 

 

Lânbou hat, troch de ieuwen hinne, in sterke tradysje yn Fryslân en fertsjinnet in goed ûnderboude oanpak yn de kommende jierren. It útgongspunt fan de lânbou-aginda is it Streekplan Fryslân dêr’t alle soarten fan lânbou mooglik binne. De VVD giet ek fan dy basis út.

De EU bûcht har no oer it Mienskiplike Lânbou Belied foar it tiidrek 2014-2020. De ynkommenstaslaggen gean omleech en de ynkomsten moatte troch maatskiplike tsjinsten wer op peil brocht wurde. De VVD hat, by de behanneling fan de nota Fitaal Plattelân, in moasje yntsjinne om de jilden dy’t ôfrjemme wurde fan de ynkommenstaslaggen en terjochte komme yn de twadde pijler safolle mooglik op it boerehiem terjochte komme en net útjûn wurde oan fytspaden of sa. Dy moasje is doe ynlutsen en de deputearre hat tasein dat te ferwurkjen yn de nije lânbou-aginda. Ut dizze lânbou-aginda is dat net dúdlik.

 

As regisseur skept de provinsje, rânebetingsten sa as: Wêr wat bart yn gebietsfisys en kollektive behearplannen. De VVD fynt lykwols dat ien en oar net te detaillistysk fêstlein wurde moat.  It moat net in papieren tiger wûrde. Yn it rapport maatskiplike tsjinsten stiet dat no fan elke Euro, 40 Eurosint oan administraasje en organisaasjekosten útjûn wurdt. 60 Eurosint kin mar bestege wurde oan it doel dêr’t it foar bedoeld is. De provinsje stribbet nei 10 eurosint. De fraach wie wat is helber. De VVD fynt dat 40 % te folle is.

 

De VVD ûnderskriuwt it útgongspunt oangeande de Wet Ammoniak en Feehâlderij: Allinne dat werom bringe, wat it bedriuw wetlik tefolle útstjit. Dat stânpunt jout romte, dy’t der no ek yn it streekplan sit, oan grûnbûne yntinsive feehâlderij. Dy bedriuwen wurkje mei tichte systemen en kinne faak wol oan de strangere easken foldwaan.

 

Yn it Fryske miljeu beliedsplan MBP 2010-2013 stiet: “It MBP op bepaalde punten om in hegere kwaliteit freegje kin dan wetlike of bestjoerlike noarmen! Mar it is net dúdlik op hokker punten”. De VVD hat gjin problemen mei: Stimulearje om te wurkjen oan hegere noarmen... mar nei hegere noarmen stribje as wetlik fêstlein is, kin liede ta in negative konkurrinsje posysje foar bedriuwen yn Fryslân en dat moatte we foarkomme.

 

By de opsommingen fan wat we berikke wolle is it goed dat der doelstellings stean mar der stean ek oantallen by. We moatte net ten koste fan alles doelen helje wolle lykas b.g. barde by bekeuringen by de plysje.

 

Ta beslút: De maatskippij freget fan de behearder fan it lânskip dat er mear docht dan foar de bedriuwsfiering needsaaklik is. Dêrfoar moatte saken yn de bedriuwsfiering oanpast wurde, dêr’t gjin ynkomsten tsjinoer stean. Yn it rapport Kânsen foar Maatskiplike tsjinsten, stiet dat dêr in “marktconforme” beleanning tsjinoer stean moat. De VVD ûnderstreket dat útgongspunt.

 

 

Terug naar onderwerpen | Onderwerp, pagina: |  1